Wired: The Short Life and Fast Times of John Belushi

Article on other languages:

del.icio.us del.icio.us
Digg Digg
Furl Furl
Reddit Reddit
Rojo Rojo
Add to OnlyWire
Wubbo Ockels as romtefarder

Professor Doktor Wubbo Ockels (* 28 maart 1946, Almelo) is in Nederlânske natuerkundige en is de earste Nederlânske romtefarder.

Opleiding

Ockels studearre natuer- en wiskunde oan 'e Ryksuniversiteit Grins (RuG), dêr't er yn 1973 cum laude syn doktoraaleksamen behelle. Nei syn oplieding wurke hy foar it Kearnfysysk Fersneller Ynstitút dêr't er ûndersyk die nei ûnder oaren it ferfal fan gammastrielen yn nukleêre systemen. Yn 1978 promovearre Ockels oan dy universiteit.

Yn 1978 waard Ockels, doetiids ferbûn as bysûnder heechlearaar oan de RuG, troch it Jeropeeske Romteagintskip (ESA)) frege mei te wurkjen oan it Spacelab program, in gearwurkingsprojekt fan ESA en NASA.

Astronaut

Yn de jieren 1980 en 1981 folge Ockels de astronautenoplieding oan it Johnson Space Center yn Teksas, Feriene Steaten. By de earste Spacelab-flecht, yn 1983, hold Ockels fan de grûn ôf it kontakt mei de wittenskippers fan de bemanning fan de Space Shuttle.

Yn 1985, fan 31 oktober oant 6 novimber, wie er ien fan de bemanningsleden fan de Space Shuttle Challenger. Hy wie as wittenskipper ferantwurdelik foar de mjitapparatuer en de wittenskiplike ûndersiken.

Heechleraar oan 'e TU Delft

Nuna 3
Superbus

Yn de jieren dernei hat er wurksum west foar ESTEC yn Noardwyk; sûnt 1992 is er wurksum as heechleraar oan de Technyske Universteit Delft oan de fakulteit Loft- en Romtefearttechnyk. Hjir is er sûnt 2003 dwaande op it mêd fan duorsume enerzjy.

In tal projekten wer Ockels oan mei wurke hat binne:

This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.


Giant Panda

Mercedes Car
James Bond Guide
This site monitored by SitePinger.net